Deodorantdief moat de sel yn

21 sep 2018 - 16:57

In man út Kollumersweach moat fiif moanne de sel yn fanwege de stellerij fan tsien bussen deodorant. De man siet yn trije ferskillende proeftiden. De rjochter sette twa straffen ûnder betingst om yn finzenisstraffen fan twa moanne en 46 dagen. En hy krige der foar de stellerij fan de deodorant noch trije wiken by.

De fertochte wie doedestiids dakleas. Hy hie de bussen by in oare winkel ynleverje wollen om der jild foar werom te krijen. Mei it jild woe er de nachtopfang betelje. De man hat in lang strafblêd. Omdat er him neat oan liket te lûken fan straffen ûnder betingst fynt de rjochter dat er no echt sitte moat.

(advertinsje)