FIDEO: UNIS Flyers wol no einlings dy supercup winne

De UNIS Flyers spilen it ôfrûne seizoen fjouwer finales, en fjouwer kear waard ferlern. De iishockeyers fan HIJS Hokij Den Haag pakten de beker, de lânstitel en it kampioenskip fan de BeNe League.
Wedstriid fan de wike: Unis Flyers - HIJS Den Haag
Sneontejûn komme de Hagenezen nei Thialf foar de striid om de Ron Berteling-skaal. Dat is de iishockey Supercup. It is de iennichste priis dy't de Flyers noch nea wûn ha... De Flyers wolle mar ien ding: revâns.
Flyers-spiler Brent Janssen