"Jild foar ûndersyk nei alzheimer by jonge minsken hurd nedich"

21 sep 2018 - 16:20

21 septimber is Wrâld Alzheimer Dei. Oer de hiele wrâld wurdt stilstien by minsken dy't te krijen ha mei alzheimer. Net allinne âldere minsken krije de sykte. Yn Nederlân binne der sa'n 12.000 minsken ûnder de 65 jier dy't in foarm fan demintens ha. Ien fan har wie ús Omrop-kollega Dirk Baron, dy't ferline jier op dizze dei yn in dokumintêre sels fertelde oer wat de sykte mei him en syn famylje die.

Earder dit jier: de famylje Baron oerlanget de opbringst fan de donearaksje oan it Alzheimersintrum - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Yn novimber naam Dirk Baron ôfskied fan it libben. Mei it jild fan de donearaksje, dy't syn famylje opsette yn Dirk syn neitins, wurdt no ûndersyk dien by it Alzheimersintrum fan de VU yn Amsterdam. Tongersdei wie de famylje Baron dêr ek by in sympoasium, fertelt Philip Scheltens fan it Alzheimersintrum: "Die betrokkenheid bij ons onderzoek is hartstikke fijn. We danken ze enorm voor de doneeractie."

Dirk Baron krige al op jonge leeftiid te krijen mei demintens. Jonge minsken mei demintens, dêr binne der neffens Scheltens hieltyd mear fan: "Ik zie elk jaar meer patiënten die ons opzoeken voor dementie en we stellen ook vaker de diagnose. Maar harde cijfers ontbreken."

Mystearje by jonge minsken

It is net dúdlik wêrom't jonge minsken hieltyd mear mei de sykte te krijen ha. Dêrom wurdt no ûndersyk dien. "Het geld van de doneeractie ligt bij een lopend onderzoek, dat gaat over het ontrafelen van het mysterie van de ziekte bij met name jonge mensen", seit Scheltens. "Dirk Baron had een gen, waarmee het 100% zeker is dat je die ziekte krijgt. Maar wat ook interessant is, zijn de jonge mensen die dat gen niet hebben en toch de ziekte krijgen. Waardoor komt die ziekte op gang? Dat wordt onderzocht en daar is hard geld voor nodig."

Scheltens fynt it dreech te sizzen hoe't it mei it ûndersyk stiet: "Maar door het onderzoeken van hersenen van veel jonge mensen, krijgen we wel een goed inzicht. We zien grote verschillen met mensen die op oudere leeftijd de ziekte krijgen. Dat maakt ons wijzer over de clous waar het vandaan komt."

Het slaat in als een bom.

Philip Scheltens fan it Alzheimersintrum

"Onderzoek kost per definitie heel veel geld en je hebt niet 100% garantie dat het lukt", fertelt Scheltens. "Maar dat juist jonge mensen de ziekte krijgen, appelleert bij mensen dat er echt iets moet gebeuren. Dirk Baron was een goed voorbeeld, maar bij Pauw zat bijvoorbeeld een vrouw van 28 die het gen niet heeft. Het slaat zo in als een bom dat je de ziekte kunt krijgen op die leeftijd. Het is misschien wel gemakkelijker om daar geld voor op te halen, omdat de noodzaak en de enorme problematiek zo indringend is, dat men zegt: hier moet iets aan gebeuren."

De hiele wike al en benammen freed is der ekstra omtinken foar de sykte, fanwege Wrâld Alzheimer Dei. Scheltens: "Dat is ontzettend belangrijk. Het is zo'n groot probleem, dat we echt haast moeten maken, want anders gaat het niet hard genoeg."

(advertinsje)