Eveneminten yn de provinsje gean net troch fanwegen stoarm
Fanwegen de hurde wyn en it ferwachte minne waar binne der rûnom yn de provinsje ferskate eveneminten skrast of oanpast. Yn Frjentsjer bygelyks, dêr't de Agraryske Dagen organisearre wurde, binne de bûtenaktiviteiten ferpleatst nei lokaasjes binnendoar.
Ek de iepenloftspullen fan Haskerdiken en De Harkema gean fanwegen it ferwachte waar freedtejûn net troch. Foar minsken dy't it spul dochs graach sjen wolle, is sneontemiddei in ekstra foarstelling ynpland. Ek de premjêre fan iepenloftspul Myn Skip kin freedtejûn net trochgean; it Fryske muzykspektakel SimmerTime wurdt dit wykein ek net hâlden. Leafhawwers fan de jierlikse gondelfeart fan Droegeham wurde teloarsteld; dat evenemint is ek skrast. De sjuerering freedtejûn en de feart fan sneon gean wol gewoan troch.
It KNMI hat fanwegen it minne waar foar freedtemiddei en freedtejûn koade giel ôfjûn foar it Waadgebiet. Der is kâns op wynstjitten oant 95 kilometer yn 'e oere.