Natuurmuseum yn Ljouwert iepenet nije attraksje

21 sep 2018 - 15:57

Nei twa jier hurd wurkjen wurdt sneon yn it Natuurmuseum Fryslân de ûnderwettersafary iepene. It is in edukative 'ride', wêrby't besikers ûnder de wetterspegel dûke. Yn in karke meitsje je in reis fan swiet wetter fan sleat en plas nei sâlt wetter fan de Waadsee.

De bou hat al langer duorre as ferwachte. Foar de simmer hie de attraksje al iepen moatten. Der waard allinnich fersmoarge grûn fûn by it útgraven fan de kelder.

Natuurmuseum Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De nijste attraksje ferfangt it eardere diorama yn it museum. Dat wie de sleat dêr't je ûnder wetter rinne koene. Dat wie net mear fan dizze tiid. Dochs binne ûnderdielen meiferhuze nei de nije safary. Dy attraksje moat seker 20 jier meigean.

(advertinsje)
(advertinsje)