Hoe Frysk is de Ljouwerter freedsmerk?
Hoe Frysk binne keapers en keaplju op de Ljouwerter freedsmerk eins? We stelden dy fraach nei't bekend waard dat hast 75% fan de skoallen yn Fryslân net oan it Frysk docht wat se eins dwaan moatte.
Ien besiker neamde it ferplichte Frysk op skoalle: "Nationalistisch gedoe en hokjesgedoe. Dat levert alleen maar trammelant op. Wij zijn Nederlander, Europeaan en wereldbruger!" De man kaam út Grinslân fertelde er. In oare Grinzer wie krekt foar it ferplichte Frysk op skoalle en pleitet sels foar in ekstra beleanning fan juffen en masters dy't it Frysk goed yn 'e macht ha.
In groep jonge famkes wie unanym posityf oer it Frysk: "Dat heart by de Fryske kultuer en by ús." In net-Frysktalich famke fertelde dat se wol yn it Frysk appt mei har freondinnen. In grienteferkeaper sei benaud te wêzen dat it in kwestje fan tiid is dat it Frysk ferdwynt: "Sjoch mar nei de universiteiten, dy jouwe de kolleezjes al yn it Ingelsk! Wat der oerbliuwt binne wat die-hards op de doarpen..."