UPDATE: Fytser (70) ferstoarn nei oanriding mei auto yn Kollumersweach

21 sep 2018 - 14:34

Yn Kollumersweach is freedtemiddei in fytser om it libben kommen nei in oanriding mei in auto. De fytser is in 70-jierrige man út Kollumersweach. Hy ferstoar op it plak fan it ûngelok, dat op de Koarteloane wie.

De automobilist rekke net ferwûne.

De plysje ûndersiket de tadracht noch.

(advertinsje)
(advertinsje)