Kleasterdorp Himmelum hat wer eigen kleastertún

It kleasterdoarp Himmelum hat wer in eigen kleastertún yn it sintrum fan it doarp. De ôfrûne moannen is de tún oanlein. It is in inisjatyf fan it doarp foar it doarp. De tún is freed offisjeel iepene.
Himmelum kleastertún
Yn 2014 is der al in stjoergroep yn it libben roppen troch doarpsbelang. Yn earste ynstânsje wie it doel dat de tún der binnen in jier wêze soe, mar úteinlik hat it fjouwer jier duorre. Jild, frijwilligers, oerlis mei subsydzjejouwers en in ûntwerp meitsje litte, koste dochs mear tiid.
De kleastertún is in tún wurden dêr't minsken by elkoar komme kinne en genietsje kinne fan geur fan de blommen en de krûden. Der kin bygelyks ek in apel plukt wurde. It ûnderhâld fan de tún wurdt troch de doarpsbewenners dien.
De tún hat in duorsum, histoarysk en edukatyf karakter krigen. En de iuwenâlde mûnestien dy't by it kleaster stie hat ek wer in plakje krigen yn de tún.