Grutte fangaksje kikkerts en salamanders op Skylge

21 sep 2018 - 14:08

Op Skylge wurdt by Midslân in grutte fangstaksje hâlden om foarútrinnend op de bestriding fan de wettercrassula safolle mooglik kikkerts en salamanders út it gebiet fuort te heljen. De kâns is oars grut dat sy de oanpak fan it eksoatyske wetterplantsje net oerlibje. En dat wol natoerbehearder Staatsbosbeheer graach foarkomme.

De bistjes lûke yn dizze tiid fan it jier nei drûgere plakken ta. Underweis wurde sy mei in amfibyenskerm nei amers ta laat dêr't sy letter úthelle wurde. It skerm is kilometers lang. Earder is in grut dúngebiet ôfsletten foar it publyk om foar te kommen dat de wettercrassula fierder ferspraat wurdt oer it eilân.

It skerm dat de kikkerts en salamanders keart. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)