Sintrumkross Surhústerfean stiet faai

De sintrumkross yn Surhústerfean giet dizze winter mooglik net troch. En dêrmei soe foarearst in ein komme oan in romrofte tradysje fan 22 jier. De organisaasje kin foar begjin takom jier gjin geskikte datum fine en ek is it dreech om topfytsers nei Surhústerfean te heljen. Dy oerwinterje meastentiids yn Spanje.
Lars van der Haar © awfoto.nl
De kommende wike folget defintyf útslútsel oer it al of net trochgean fan dizze hurdfytswedstriid, sa seit Albert Helfrich fan it organisaasjekomitee. De sintrumkross hat yn it ferline grutte winners oplevere, sa as Adrie van der Poel, Richard Groenendaal, Lars Boom en Corné van Kessel.