Eveneminten Midnightwalk en Myn Skip geane net troch

Min nijs foar kultuerleafhawwers yn Fryslân dy't dit wykein nei in evenemint ta soene. Hieltyd mear organisaasjes beslute om fanwegen de minne waarsferwachtings har aktiviteiten te skrassen. Sa koe tongersdei de sirkustinte foar it grutte muzykspektakel Simmertime net opboud wurde. Freed waard bekend dat ek de Midnightwalk Leeuwarden p[ freedtejûn net trochgean kin.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Dat is net allinne in teloarstelling foar de 8.000 dielnimmers, mar ek foar de mear as 500 frijwilligers dy't oan it evenemint meiwurkje. De Midnightwalk soe krekt dit kear ekstra útpakke mei in tocht fan 10 kilometer lâns 20 lokaasjes, mei ferskate optredens fan artysten en muzykkorpsen. It wie al hielendal in dreech beslút, omdat de organisaasje besletten hie dat dizze 5e kear de lêste wêze soe.
Foarsitter Kees Akkerman fan de Midnightwalk

Myn Skip

De premjêre fan iepenloftspul Myn Skip kin freedtejûn ek net trochgean. It teäterspektakel mei skûtsjes op it wetter wurdt foarearst ôflast fanwegen hurde buien. De nije datum wêrop't it stik spile wurde sil, is tiisdei 25 septimber. Foar kommende wike tiisdei sjocht it waar der al better út en der is dan gjin hurde wyn. It kaartsje foar de premjêre bliuwt jildich foar de nije datum.
Annet Koopmans fan it iepenloftspul Myn Skip