SkoalTV wichtige faktor yn Frysk taalûnderwiis

21 sep 2018 - 11:49

De programma's fan SkoalTV op Omrop Fryslân wurde faak brûkt by it fak Frysk op basisskoallen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Taalplan Frysk dat tongersdei presintearre is.

Tsjek, in programma foar de boppebou - Foto: Omrop Fryslân

Hast 90 prosint fan de skoallen yn de boppebou en goed 80 prosint fan de skoallen yn de middenbou makket gebrûk fan de programma's fan SkoalTV, lykas WitWat en Tsjek, by it fak Frysk. Yn de fragelist van Taalplan Frysk is net frege nei it gebrûk fan SkoalTV yn de ûnderbou. Dochs hawwe in protte skoallen, 23,7 prosint, sels oanjûn gebrûk te meitsjen fan de programma's fan SkoalTV, lykas It Boskwyfke en Kening Hert en Harry Hazze. Yn de praktyk kin it werklike tal foar de ûnderbou noch heger lizze.

Ek op skoallen dêr't it fak Frysk net op it roaster stiet wurdt nei SkoalTV sjoen. It giet dêrby om trije skoallen yn de ûnderbou, alve skoallen yn de middenbou en santjin skoallen yn de boppebou. It totaal tal skoallen dat gebrûk makket fan SkoalTV oer de hiele provinsje is hast 80 prosint yn de boppebou, wylst in Fryske taalmetoade op noch gjin 60 prosint fan de skoallen ynset wurdt yn de boppebou.

(advertinsje)