Dieven besykje praatpeal te stellen yn De Houtigehage
Yn De Houtigehage hiene dieven it foarsjoen op in âlde praatpeal fan de ANWB. De peal stiet op it hiem fan in hûs oan de Folgersterloane en wurdt no brûkt as ynterkom.
De dieders hiene mei in auto en in sjorbân besocht om de praatpeal út de grûn te lûken, mar de eigener hie dizze sa goed fêstsetten yn de grûn, dat er allinnich mar skeef lutsen waard.
Ikoanysk
De giele peallen waarden hast 60 jier lang yn gefal fan need brûkt troch automobilisten. Troch de komst fan mobile telefoans binne se lykwols oerstallich wurden. Yn july 2017 binne alle 3.300 praatpeallen yn Nederlân bûten bedriuw steld. Koart dêrnei waarden in pear hûndert ferkocht, omdat minsken se ha woene om nostalgyske redenen.