Keapwenten yn Fryslân wer djoerder

21 sep 2018 - 10:28

De hûzeprizen yn Fryslân binne yn augustus fierder oprûn. Keapwenten wiene gemiddeld 7 persint djoerder as yn augustus ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.

It is de op twa nei heechste groei fan de ôfrûne tsien jier. Yn it earste kwartaal fan dit jier wie der sels in stiging fan 7,8 persint. Der wurde wol minder hûzen ferkocht. Dat komt trochdat der hieltyd minder wenten te keap stean.

Trefwurden: 
CBS keapwenningen
(advertinsje)