Glêsfezel wer wat tichterby yn Achtkarspelen

21 sep 2018 - 08:47

Rap ynternet yn it bûtengebiet fan Achtkarspelen komt hieltyd tichterby. Der binne no noch in lytse fjirtich oanmeldingen nedich om it projekt útfiere te kinnen. Wethâlder Harjan Bruining joech tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste oan dat der alles oan dien wurdt, om it nedige tal dielnimmers te heljen. Dat die er nei fragen fan de GBA-fraksje.

Glêsfezel - Foto: Shutterstock.com

Op 1 novimber moatte der genôch dielnimmers wêze. Kabelbedriuw Kabelnoord sil de glêstried oanlizze en wol dat op syn minst sechstich persint fan de bewenners fan it bûtengebiet meidocht. Kabelnoord kombinearret it wurk yn Achtkarspelen mei de wurksumheden yn Tytsjerksteradiel. Dêr binne yntusken al wol genôch oanmeldingen.

Mei-inoar telt Achtkarspelen alvehûndert perselen yn it bûtengebiet dy't it no noch sûnder rap ynternet dwaan moatte.

Trefwurden: 
Achtkarspelen glêsfezel
(advertinsje)