Iepenloftspul Earnewâld: Myn skip, in ympresje

21 sep 2018 - 08:31

"Moai hee, dy silerij", ropt de jonge ferteller entûsjast. "Moai? It wie earmoed, en ellinde", seit de âlde ferteller. Yn hûndert jier tiid binne skûtsjes feroare fan silende frachtskippen en tagelyk krappe wenromte nei majestueuze wedstriidskippen. Yn Myn skip wurdt dy histoarje ferteld yn trije tiidsperioades, mei muzyk, byld, dûns, teäter en ferhaal.

As we oankomme, makket de bemanning fan de Sterke Jerke him op foar de striid tsjin it Earnewâldster skûtsje. Dy sêne is noch net earder sa repetearre en is, sa docht bliken, bêst dreech want in skûtsje time is suver net te dwaan. De iene kear waait it hurd, de oare kear is it blêdstil, dus dêr hast gjin ynfloed op. "It liket noch wat in gaos" seit regisseur Theo Smedes, "mar dat is goed want fanút dêr kinst wer wat opbouwe. It is as in puzel. Alle stikjes binne los fan inoar repetearre, no moat it allegear yninoar falle."

It skûtsje fan Earnewâld en de Sterke Jerke meitsje har op foar de striid - Foto: Omrop Fryslân

In auto sûpt benzine, de wyn is fergees.

Age Veldboom, ferteller

Age Veldboom hat Myn skip betocht, en yn it foar in hiel stik fan de organisaasje op him nommen. Hy is no ek wat drok yn de holle, hat him de holle ek al stompt. It wie de bedoeling dat er syn teksten oefenje soe, mar ja, hy hat mei bern skûtsjes fan klompen makke yn it skûtsjemuseum. "Dat wie ek prachtich", seit er blierkjend. Hy fynt it moai om te sjen hoe't elkenien syn bêst docht om alles op tiid klear te krijen foar de premjêre. In ploech fan it skûtsjemuseum makket de pontons. "Dan bouwe se mei dat hout, slaan se op dat izer, en dat klinkt sa moai. Dan wurd ik wol hiel bliid", seit Age. "Mar ja, it is wol in soad wurk."

Age is de ferteller yn it stik, tegearre mei Harmen Brouwer. Age stiet foar it âlde en Harmen foar it nije. Yn it stik sil Harmen de beurtfeart fan Age oernimme, mar dan sûnder syn skip. Hy hat in frachtwein kocht. Age, de âlde ferteller, begrypt dêr neat fan. "Sa'n auto sûpt benzine, de wyn is fergees."

Age Veldboom is de 'âlde' ferteller - Foto: Omrop Fryslân

It is in waarm, minsklik ferhaal mei in protte tragyk.

Baukje Wytsma, tekstskriuwster

Myn Skip is muzikaal fertelteäter. De lieten wurde songen troch Ella & Her Man, mei muzyk fan Bigband Friesland. Baukje Wytsma hat de teksten fan de lieten skreaun. Sels is se gjin siler, mar se hat har ynlêzen en Age hat har in soad ferteld. "It is in waarm, minsklik ferhaal mei in protte tragyk. Bygelyks dat men in swarte flagge hise, as der in bern ferdronk. Dêr ha ik 'lytse jonge' oer skreaun." Baukje ken de lieten fansels al, mar no't se it begjinliet Aebelina oer it wetter heart, rekket it har wol. Besikers krije aanst by de foarstelling in koptelefoan op, sadat se der middenyn sitte.

Dit past sa goed by my, dit moat gewoan trochgean.

Harmen Brouwer, ferteller

Regisseur Theo Smedes is drok dwaande mei de puzel. Skûtsjes binne min te timen. Mar bern en bisten binne ek net te regissearjen. En dan is der noch wat, want de frou fan Harmen moat hast befalle. Mar seit Harmen: "Dit past sa goed by my, dit moat gewoan trochgean." "Heit wurde past ek hiel goed by dy", seit Age mei in knypeach. Tegearre besjogge se it boerd mei de spyldata noch efkes, en betinke wannear't it it bêste útkomt. Witte dizze mannen dan net dat in befalling ek dreech te regissearjen is?

Spyldata

  • freed 21 septimber
  • sneon 22 septimber
  • snein 23 septimber
  • woansdei 26 septimber
  • tongersdei 27 septimber
  • freed 28 septimber
  • sneon 29 septimber
  • snein 30 septimber

Myn skip is al folslein útferkocht.

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)