Achtkarspelen wol ôfskied nimme fan Caparis

21 sep 2018 - 07:45

De gemeenteried fan Achtkarspelen hat skjin syn nocht fan de gong fan saken by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik yn de riedsgearkomste. Omdat de kosten wer heger útkomme as de bedoeling wie, pleiten ferskate fraksjes derfoar om út de mienskiplike regeling te stappen. Achtkarspelen draait op foar in part fan de ekstra kosten.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"De maat is vol", sei Sjon Stellinga fan de PvdA. "Er worden steeds dezelfde fouten gemaakt. Het is bijna schaamteloos. We willen van die tent af." Ek oare partijen hiene krityk op Caparis. Tjibbe Brinkman fan de FNP spruts fan in etysk fallissemint by de "hege hearen dy't it foar it sizzen ha".

Amendemint

Fia in amendemint stelden de PvdA, FNP, VVD en PVV foar om safolle mooglik wurknimmers fan Caparis ûnder te bringen yn de eigen Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen (MOA). Dy is twa jier lyn oprjochte en hat no 35 eardere grienmeiwurkers fan Caparis yn tsjinst. It amendemint krige gjin stipe fan de koälysjepartijen CDA, GBA en CU.

Krityk

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders koe him ek net fine yn it amendemint. Wol hie it kolleezje krityk op de begrutting fan Caparis. Wethâlder Margreet Jonker sei ta it sinjaal fan de opposysje mei te nimmen.

Trefwurden: 
Achtkarspelen Caparis
(advertinsje)