Kollum: "Piter Knyn"

21 sep 2018 - 07:30

"In pear wiken lyn sieten wy bûten en kaam ús kat El Snorro, ek wol Snorrie neamd, thús mei in lyts swart knyntsje. It tilt hjir op fan 'e wylde kninen en as de MCRabbit wer iepen is, dan bart soks regelmjittich. We hawwe in tiid hân dat we dan wol gauris fan dy lege kninefeltsjes fûnen dêr't fierder alles útfretten wie.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Mar ús katten wurde âlder en loaier. Trije fan de fjouwer lizze eins de hiele dei te maffen, útsein Snorrie. Hy is de jongste mar hy hat ien probleem, want hy hat hielendal gjin tosken mear. Fiif jier lyn fûnen de bern him op it sportfjild. Suterich, meager en siik en doe't ik in kear mei him nei de bistedokter gong, omdat er sa út syn bek stonk, hat dy fuortendalik alle tosken lutsen.

It wie sa min, dat koe neat mear wurde. Snorrie rêdt him der prima mei, mar in proai kin er net mear sa maklik opfrette. Dat knyntsje dus ek net, mar hy hie it al yn 'e bek en út en troch wraksele it earme bist him los en naaide er gau út. Lokkich koe ik it knyntsje krije en ik ha it wer nei de jachthaven brocht.

In pear dagen letter stie der in koai op 'e tafel mei in briefke. 'Kadootsje fan Snorrie', stie der op en itselde knyntsje siet deryn. De bern hiene him rêden en doe ha ik besletten it earme bist te hâlden oant er wat grutter en sterker wie. Ik ha de koai mei nachthok klearmakke en dêr krûpte er gau yn in hoekje.

Nei in wike waard it knyntsje wat moediger. Hy hjitte fan Piter Knyn en aaie fûn er hearlik. It iten en drinken gong ek hiel goed en it wie in prachtich bist. As er bygelyks by my op it buro siet, dan koe er him sa skattich waskje mei de beide foarpoatsjes en hy groeide as koal. En as ik mei de kollums dwaande wie, dan hipte er ek wol gauris oer it toetseboerd en skreau er syn eigen ferhaal.

Op in bepaald momint ha 'k Piter wer loslitten. In wylde knyn krijst eins noait hielendal nuet en in knyn heart ek net allinnich yn in hokje. Hy wie sa bliid doe't er bûten wie en ik ha him yn 'e boskjes setten. "Net wer by ús komme, want dan bist wer oan bar", sei ik doe't er fuorthuppele. Dat gong in pear dagen goed mar doe't ik op in dei thúskaam hipte Piter oer de dyk by ús oprit.

"Unnoazel k.u.t-knyn!" rôp ik yn 'e auto en ik ha besocht him te krijen, mar dat slagge net. No is it terrein fan de jachthaven sa grut en dochs siet er wer by ús. Mei fjouwer katten en twa hûnen wie dat net sa tûk, mar it like goed te gean. As de katten in proai hawwe, dan nimme se dy altyd mei nei hûs. It leafste yn 'e hûs en ik hie Piter net mear sjoen.

Ik wie bliid dat de rêdingsoperaasje slagge wie en hope dat er mar grut en sterk wurde mocht. Oant Jelle it ôfrûne wykein achteleas sei dat er moarns betiid sjoen hie dat Snorrie as in grutske tiger wer mei Piter yn 'e tún omrûn. "Libbe er doe noch?", frege ik fertrietlik. "En wêrom hast him net fongen?" It antwurd wie typysk manlik, dus dêr koe ik neat mei.

Piter Knyn syn ferhaal wie doe gau út, want úteinlik hat ien fan ús hûnen him opfretten. Der is neat fan oerbleaun, net iens it sachte, swarte feltsje."

(advertinsje)