Bestjoersproblematyk by Pleatslik Belang Wergea

21 sep 2018 - 06:41

Pleatslik Belang Wergea hat foar takom wike in bysûndere ledegearkomste yn it libben roppen om de bestjoersproblematyk oan te pakken. Der binne noch mar trije bestjoersleden oer en dêrfan hâlde der yn maart twa op. It pleatslik belang hat minimaal fiif bestjoersleden nedich, mar it slagget mar net om nije minsken te finen. As der neat bart driget opheffing.

Foto: Google Streetview

Sekretaris Geert Nauta fan Pleatslik Belang Wergea

Dochs is der hoop foar de takomst fan it pleatslik belang, mei in nij inisjatyf: 'Perspectief Wergea'. Dêrmei moat it tradisjonele bestjoersmodel ferfongen wurde troch in mear kommisje-rjochte model om de leefberheid yn it doarp te behâlden.

"We ha tocht, we moatte it oars oanpakke", seit sekretaris Geert Nauta fan Pleatslik Belang Wergea. "Miskien moatte we wol hielendal fan it bestjoer ôf en de leefberheid op in oare manier organisearje. In lytser bestjoer, mei in koartere sittingstermyn, dat op haadlinen bestjoert en kommisjes dy't it wurk dogge."

(advertinsje)