Fryske ûnderwiisynstellings moatte gau oanslute by Northern Knowledge

20 sep 2018 - 22:12

De Fryske hegeskoallen, Van Hall en en NHL/Stenden, moatte har sa gau as mooglik oanslute by it inisjatyf Northern Knowledge om safolle mooglik kennis mei-inoar út te wikseljen. Dat seit de programma-manager fan it inisjatyf, Albert van der Kooij.

Kennissintrum Northern Knowledge - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Northern Knowledge is in kennissintrum dat opset is troch de Ryksuniversiteit Grins (RUG), it UMCG en de Hanze Hegeskoalle. It sintrum stiet op it terrein fan de RUG. Dêr wurdt kennis fan bedriuwen en ûnderwiisynstellings bondele om sa de ekonomy yn it Noarden te fersterkjen. Dat bart no fierste min en sa giet kennis ferlern. Tongersdei is it kennissintrum offisjeel iepene.

Banen

Foar de ûntwikkeling fan de ekonomy yn it Noarden is sa'n gearwurking needsaaklik. Neffens direkteur Annemieke Galema smyt it hoe dan ek banen op: "Ja, want troch de gearwurking wurdt eltsenien sterker en dan kinne jo folle better oanheakje by de wrâld fan no." It is de bedoeling dan ek grutte fraachstikken oan te pakken en te sykjen nei oplossings. Sa wurdt sjoen nei de enerzjytransysje en de sûnenssektor, it saneamde Healthy Aging. "Tink dan dêrneist oan wetter en hoe't se dêr by Wetsus mei dwaande binne. Betink dat jo kennis dêrwei wer bondelje kinne mei in bedriuw út Drinte."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Albert van der Kooij

Iepening Northern Knowledge - Foto: Omrop Fryslân

Fryske ynstellings

Dat de Fryske ynstellings der gau bykomme is in winsk fan programma-manager Albert van der Kooij fan Northern Knowledge. Hy hat al petearen mei de Fryske hegeskoallen en dy binne entûsjast: "De bestjoerders dêr wolle graach en sette harren der no al foar yn. It past ek by de tiidsgeast. Want oeral wurdt gearwurke", seit Van der Kooij. Sa wurket it Friesland College al gear mei de Hanze Hogeschool. "Jo moatte oer provinsjale grinzen hinne sjen. Want der is allinnich mar in Noardelik belang." Van der Kooij fynt ek dat de regionale oerheden net benaud wêze moatte om oer grinzen hinne te tinken: "De identiteit bliuwt wol, want Friezen bliuwe Friezen en in Drint gewoan in Drint. Jo moatte oer dat soart fan grinzen hinne sjen."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Annemieke Galema

(advertinsje)