Negatyf advys foar sâltwinning Frisia by Tsjummearum

20 sep 2018 - 20:39

Sâltwinbedriuw Frisia yn Harns kin better gjin tastimming krije om mear sâlt te winnen út it wingebiet by Tsjummearum. Dat is it advys fan it Staatstoezicht op de Mijnen, útbrocht oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. It SodM is benaud dat de grûn dan mear sakket en fynt dat der net genôch dúdlikheid is oer de gefolgen.

Frisia Sâlt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Frisia wol graach it folume fan de ûndergrûnske sâltkoepels mei fjirtich persint fergrutsje, sadat der neffens it bedriuw mear en effektiver sâlt wûn wurde kin. It Staatstoezicht op de Mijnen kin dy ferromming fan de kapasiteit lykwols net stypje. It is no oan de minister fan Ekonomyske Saken om in beslút te nimmen oer it fersyk fan Frisia.

(advertinsje)