Høegh en Pierie traine wer mei foar duel mei Excelsior

20 sep 2018 - 20:29

Daniel Høegh en Kik Pierie hawwe yn tarieding op it duel mei Excelsior wer meitraind by Sportklub Hearrenfean. Beide spilers foelen ôfrune wykein noch blesseare út yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo.

Trainer Jan Olde Riekerink hâldt noch in slach om 'e earm, mar as it oan Høegh leit, kin hy sneon gewoan spylje. "Ik heb een MRI-scan gemaakt en het was geen grote blessure. Ik voel me goed nu en ben klaar om weer vol gas te gaan geven", seit de Deen.

Hearrenfean krige ôfrûne wykein tsjin Heracles Almelo fiif doelpunten om 'e earen en dus wiene der dizze wike op de training in soad oandachtspunten foar de wedstriid yn Rotterdam. "Volgens mij hebben we een organisatieprobleem. Dat is op dit moment volgens mij het belangrijkste en zaterdag krijgen we een goede kans om dit probleem op te gaan lossen", seit Høegh.

Frederiksen traint mei

Olde Riekerink kin sneon noch net beskikke oer Doke Schmidt en Jan Bekkema. De 18-jierrige Deen Emil Frederiksen, dy't dit seizoen bleasseare begûn, trainde dizze wike wol wer folslein mei.

Wierskynlike opstelling: Hahn; Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Kobayashi, Thorsby, Rienstra; Vlap, Lammers en Zeneli.

De wedstriid Excelsior - Hearrenfean is sneon live te folgjen op Omrop Fryslân Radio fan 18.30 oere ôf. Kommintator is Roelof de Vries.

(advertinsje)