De Omrop Boekehoeke: Wat binne de tips fan dizze wike?
Wannear hasto foar it lêst in nij boek lêzen? Justerjûn noch, foar it sliepengean? Of is it alwer in tal moannen, of miskien sels jierren lyn? Om minsken dochs wer oan it lêzen te krijen siket De Middei fan Fryslân alle wiken nei de moaiste nije boeken. Ronnie Terpstra fan boekhannel Van der Velde is yn de studio.
It binne moaie dagen foar Ronnie Terpstra. Yn dizze perioade nei de fakânsje set it kulturele seizoen wer útein en yn septimber komme der in soad nije boeken út. Ronnie hat wer trije boeken foar ús meinaam.
Tips
1. Ik zal verdwijnen in het donker - Michelle McNamara
Ronnie: "Wierbard coldcase-boek oer searjemoardner, dy't no dochs terjochte stiet yn proses. In fassinearjen boek om te lêzen, echt pikefel."
2. De reiziger - Ulrich Alexander Boschwitz
Ronnie: "Joadske man Otto Silbermann besiket yn it jier 1938 om 'e nocht Dútslân te ûntflechtsjen mei in koffer mei jild. It gif knalt fan de pagina's ôf. Gjinien is te fertrouwen. It seit ek wat oer dizze tiid. Hoe maklik oft in bepaald gefoel yn in mienskip krûpe kin en oare minsken weiset wurde op basis fan eat dat hielendal net winsklik is."
3. Goede mannen - Arnon Grunberg
Ronnie: "In klassike Grunberg, dizze kear oer in brânwachtman. Dat gefoel fan 'doch it net, doch it net' en dan gebeurt it wol."
Boekeklup
De Middei fan Fryslân wol de kommende wiken alle tongersdeis fan dy witte wat dyn favorite boek is. Is der in boek dêr'tsto in bysûnder oantinken oan hast, bygelyks om't it dy troch in drege tiid holpen hat? Of is der in boek dat sa'n briljante twist hie, datst der noch dagen oer neitocht hast? Of miskien is dyn favorite boek hiel ûnbekend, en wolst it leafst dat elkenien it ek besiket te lêzen. De Middei fan Fryslân wol it graach witte!
Stjoer dyn ferhaal, of dyn boeketips nei dmff@omropfryslan.nl of stjoer in appke fia de app fan Omrop Fryslân. Ferjit net om dyn kontaktgegevens dêrby te setten!