Selsridende trein komt net fierder as Súdhorn

Op it trajekt Grins-Ljouwert wol ProRail takom jier in proef dwaan mei in selsridende trein. De trein sil foarearst ride tusken de stêd Grins en Súdhorn. Fanwege de feilichheid mei de trein inkeld op dûbeld spoar ride en dêrom komt de selsridende trein net fierder as yn Súdhorn.
(fotofoarbyld) © Shutterstock.com
De Betuwe krijt noch dit jier de primeurtest mei in trein foar it ferfier fan guod. Dit projekt is foarlik foar Europa. De ferwachting is dat de autonome treinen nei 2023 hielendal yn de tsjinstregeling opnommen wurde. De treinen binne net allinnich rapper as de reguliere treinen, mar soene boppedat feiliger wêze. Dêrtroch kinne yn itselde tiidrek mear treinen ride as no it gefal is, sadat mooglik oant 50 persint mear reizgers ferfierd wurde kinne.
Topman Pier Eringa fan ProRail is optein oer de komst fan de robottrein. Streekferfierder Arriva en de Frânske treinprodusint Alstom sille it eksperimint stypje. Neffens Eringa sil in masinist op de autonome treinen úteinlik net mear nedich wêze, mar bliuwt dy foarearst gewoan yn funksje foar de feilichheid en it tafersjoch.