Fryske berne-opfang Sinne hâldt foarearst op mei elektryske bakfytsen

Meiwurkers fan Fryske berneopfang-organisaasje Sinne yn Ljouwert hâlde foarearst op mei it riden op elektryske bakfytsen. Sa'n fyts, in saneamde Stint, wie tongersdeitemoarn belutsen by in slim ûngelok yn Oss. Fjouwer bern kamen dêrby om it libben.
foarbyld fan in Stint-bakfiets © stintum.com
De meiwurkers fan berneopfang-organisaasje Sinne binne bot oandien troch it ûngelok. Dat seit direkteur Robert Sänger. Net alle meiwurkers fan Sinne meie mei de Stintbakfyts ride, seit Sänger. Dêr is earst in kursus foar nedich.
It ûngelok barde by in bewaakte spoarwei-oergong yn it Brabânske Oss. It is noch net dúdlik wat der krekt misgien is. De Onderzoeksraad voor Veiligheid hat de saak yn ûndersyk. In tsjûge sei tsjin de NOS dat de Stint net remme doe't er op de spoarwei-oergong ôf ried. De bestjoerder soe roppen hawwe dat it net slagge om te remjen.
De Stint is in 'bijzondere bromfiets'. Dat betsjut dat se op it fytspaad ride meie, mei in maksimumsnelheid fan 25 kilometer de oere. In helm of in rydbewiis is net nedich. Der meie oant tsien bern ferfierd wurde yn in Stint.