Wurkstraf foar man dy't portier mishannele

20 sep 2018 - 17:00

In âld-ynwenner fan Harns hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen omdat er in portier fan in kafee mishannele hat.

De fertochte wie it kafee útgien, omdat er net goed waard. Doe't er der wer yn woe om syn guod te heljen, mocht dat neffens him net fan de portier. Hy skopte in pear kear tsjin de doar en doe waard der iepen dien. De fertochte soe de portier klem set ha en him in klap tsjin de noas jûn ha.

It foarfal hie grutte gefolgen foar de fertochte. Hy krige in hoarekaferbod fan fiif jier foar Harns en hy koe net fierder mei syn oplieding. De advokaat fan de fertochte frege om in straf ûnder betingst, omdat syn kliïnt al bot straft wie troch it hoarekaferbod. Dêr gie de rjochter net yn mei.

Trefwurden: 
portier wurkstraf mishannele
(advertinsje)
(advertinsje)