Drylts twadde yn striid om titel grienste stêd

20 sep 2018 - 16:59

Drylts is de op ien-nei-grienste stêd fan Nederlân. Dat is tongersdei bekend makke op de Nationale Groendag yn Den Haach. De haadpriis gie nei Twello.

De Stichting Entente Florale hie de gemeente Súdwest-Fryslân ein ferline jier nominearre om mei te dwaan oan de wedstryd foar de grienste stêd, omdat de gemeente op griengebiet foarop rint. Súdwest-Fryslân hat doe sels Drylts foardroegen om mei te dwaan, fanwege de unike tunen dy't oan it wetter lizze en de nije blommefontein dy't der kaam is. Boppedat fiert Dylts dit jier it 750-jierrich bestean en is de Stadslaan koartlyn opknapt.

Foto: Omrop Fryslân

De sjuery fan de Entente Florale wie ûnder de yndruk fan de hege kwaliteit fan it grienbelied fan de gemeente Súdwest-Fryslân. En der wie ek bysûndere wurdearring foar de opset en de útfiering fan it gemeentlike kearnebelied, dêr't ynwenners in soad romte krije om har sechje te dwaan.

Wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân mocht de twadde priis yn ûntfangst nimme en wie wakker wiis: "Drylts hat him fan'e bêste kant sjen litten. As je dan ek noch silver winne, is dat in prachtich resultaat."

Trefwurden: 
Drylts Entente Florale
(advertinsje)