Gruttere ynfloed fan Noardsee moat Boskplaat rêde

De Noardsee krijt folle mear ynfloed op de Boskplaat. Dat stiet yn in fyzje op de takomst fan it Skylger natuergebiet dy't freed presintearre wurdt. Foar dy fyzje is gearwurke mei de eilânbewenners.
Gruttere ynfloed fan de Noardsee moat de Boschplaat rêde
Om wetter en foaral sân fan de Noardsee yn it gebiet te krijen, moatte je wol troch de stodyk hinne. Sân út de Noardsee kin derfoar soargje dat it gebiet der net ûnder strûpt as de seespegel heger wurdt. Ek ûntstiet der folle mear fariaasje yn it lânskip. Dat is no sa bot ferrûge dat it tal soarten planten en fûgels hieltyd fierder ôfnimt.
Ferrûging op de Boskplaat. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
In plak oan de eastkant fan de Boskplaat dêr't de Noardsee no al komme kin. © Remco de Vries, Omrop Fryslân