Deodorantdief foar de rjochter

In frou út Harns hat in jildboete ûnder betingst krigen, omdat se trije flessen deodorant stellen hie by in supermerk. Op in befeiligingskamera wie te sjen dat de frou de deodorant yn de winkelkarre die en dat se der in tas op lei.
By de kassa die bliken dat se de deobussen yn har tas hie. De frou krige in boete ûnder betingst fan 200 euro, want de rjochter fûn dat justysje der wol hiel lang oer dien hie om de saak foar te bringen. De stellerij wie al mear as twa jier lyn.