SimmerTime giet net troch fanwegen it minne waar

20 sep 2018 - 15:43

It Fryske muzykspektakel SimmerTime kin dit wykein net trochgean. Troch de hurde wyn kin de grutte sirkustinte net opboud wurde. De waarsferwachtingen foar it evenemint sels binne ek te min.

Foto: simmertime2018

It festival soe plakfine op 23, 24 en 25 septimber yn it Hurddraverspark yn Dokkum. De snein wie útferkocht. Foar de moandei en tiisdei wiene noch wol kaarten te krijen.

"We hebben de verantwoordelijkheid voor de bezoekers, vrijwilligers en ons personeel en willen geen enkel risico nemen, daarom hebben we moeten besluiten uit te wijken naar andere data. De intentie blijft om, net zoals in 2000 tijdens de grote Simmer 2000-reünie, de voorstelling in Dokkum in de grote circustent te spelen, maar de tijd is op dit moment te kort om met de vele betrokken partijen een andere datum te vinden", seit produsint Marc de Bruin.

De nije data foar SimmerTime binne noch net bekend. It sil nei alle gedachten wol wer yn in wykein wêze. Omrop Fryslân hat kaarten fuortjûn foar ien fan de optredens yn Dokkum. Minsken dy't de kaarten wûn hawwe, wurde persoanlik op de hichte steld oer de konsekwinsjes.

Harlingen Ongeschut ek ôflast

Ek it sânde farfestival Harlingen Ongeschut kin sneon net trochgean, yn ferbân mei de te ferwachtsjen hege wetterstân. Der wurdt foar de kommende dagen in hurde oant stoarmige wyn foarsein. It is foar it earst dat de organisaasje it festival ôfblaze moat. Harlingen Ongeschut is in festival wêrby't boatsjes in rûte farre troch de grêften fan Harns mei allegearre aktiviteiten op de wâl.

(advertinsje)