Frysk ûnderwiis net goed op mear as de helte fan de skoallen

20 sep 2018 - 15:35

Op mear as de helte fan de skoallen is it Frysk ûnderwiis net goed genôch. Fan de basisskoallen hat mar in goede 30 prosint de plannen klear. It fuortset ûnderwiis hellet de 40 persint net.

Yn it Taalplan is no ôfpraat dat skoallen oant 2030 de tiid krije om te foldwaan oan de kearndoelen dy't de provinsje stelt. Deputearre Poepjes seit mei klam yn har taspraak dat it net allinnich om Frysk ûnderwiis giet. De ynspeksje foar it ûnderwiis moat kontrolearje oft de skoallen goed Frysk ûnderwiis jouwe.

(advertinsje)