Tritich jier refalidaasje mei hynders yn Beetstersweach

Refalidearje mei help fan hynders. It is ien fan de spesjaliteiten fan maneezje 'Onder de Linde' yn Beetstersweach, dy't 30 jier bestiet.
30 jier revalidaasje mei hynders
Simon Anne Beimers is ien fan de 220 learlingen dy les krije op de maneezje. Beimers sit yn in rolstoel, mar dat betsjut net dat er net hynsteriden kin. "Mijn benen zijn stijf, maar worden lekker soepel van het paardrijden."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ferslachjouwer Bauke Deelstra is op de maneezje
Neffens ynstruktrise Evelien Duin soarget de refalidaasje mei de hynders foar ûntspanning fan de spieren, ûntwikkeling fan de each-hân-koördinaasje, in bettere balâns en mear romtlik ynsjoch.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Protte minsken fine dat refalidearje mei hynders better wurket as fysioterapy.
Ynstruktrise Evelien Duin
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Nettsjinsteande de resultaten dy neffens Duin by harren maneezje behelle wurde, wurdt refalidearje mei hynders (noch) net fersekere. "Dêr binne wy drok mei dwaande. Fan protte minsken hearre wy dat it better helpt as fysioterapy."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra