FIDEO: Restaurant Jan Smink giet tongersdei iepen mei primeur

20 sep 2018 - 15:23

Topkok Jan Smink iepenet tongersdeitejûn yn Wolvegea syn eigen restaurant. It spesjale dêroan is dat guon fan syn gerjochten út de printer komme. Net alle iten is dêr geskikt foar. It moat de goede dikte en konsistinsje hawwe, lykas bygelyks knolselderijsmots. De printer makket dêr in moai patroan fan, mei as ûndergrûn in matsje fan silikoanen. As de print klear is, giet it sa de kuolling yn. Komme de gasten, dan leit de kok it gerjocht efkes ûnder de waarme lampen en dêrnei kin it optsjinne wurde..

(advertinsje)