Veiligheidsregio Fryslân docht ûndersyk nei ekstra ynformaasje by in krisis

20 sep 2018 - 14:24

Veiligheidsregio Fryslân sil fan oktober ôf ûndersyk dwaan nei hoe't by in krisissituaasje safolle mooglik beskikbere ynformaasje benut wurde kin. Se sille sjen oft in saneamde firtuele assistint ûnwikkele wurde kin, dy't mei keunstmjittige yntelliginsje automatysk ynformaasje garje kin.

Om in krisis goed oan te pakken, ha de helptsjinsten goeie en betroubere ynformaasje nedich. En troch alle technologyske ûntwikkelingen is der hieltyd mear ynformaasje beskikber dy't brûkt wurde kin. Tink dêrby oan livestreams, geografyske ynformaasje, evaluaasjes, aktuele ferkearsynformaasje en simulaasjesoftware. Dy ynfo wurdt no net altyd brûkt, omdat it tefolle tiid kostet om al dizze boarnen troch te sykjen.

It doel fan de firtuele assistint is om ûndersyk te dwaan nei hoe't al dy ynformaasje tûk brûkt wurde kin. Foar de útfiering fan it ûndersyk hat de Veiligheidsregio Fryslân jild krigen fan it ministearje fan Justysje en Feiligens.

It ûndersyk rjochtet him op twa ûnderdielen. Der wurdt sjoen hoe't ynformaasjeboarnen kombinearre wurde kinne en der wurdt in ynformaasjemodel foar ynsidinten ûntwikkele. Hjiryn stean alle eleminten fan in senario en de bestriding dêrfan. Yn april 2019 is it ûndersyk nei alle gedachten klear,

(advertinsje)