Pieter van Vollenhoven sprekt by jubileum Jouster fytsaksessoirefabrikant

20 sep 2018 - 13:59

Fytsaksessoirefabrikant Spanninga op De Jouwer hâldt fanwege syn 100-jierrich bestean op 3 oktober in sympoasium oer ferkearsfeiligens. Ien fan de sprekkers is Pieter van Vollenhoven. Ek direkteur Saskia Kluit fan de Fietsersbond is derby. Spanninga waard oprjochte op 1 maaie 1918. It bedriuw makket ûnder oare fytsferljochting.

Pieter van Vollenhoven - Foto: Eigen foto

Spanninga is ien fan de sponsors fan it Fonds Slachtofferhulp. ''Voor ons is het van groot belang dat er meer aandacht komt voor verkeersslachtoffers. Normaliter krijgt de veroorzaker van een ongeluk veel aandacht en wordt het slachtoffer vergeten. Fonds Slachtofferhulp heeft hierin een cruciale verandering teweeggebracht. We zijn er trots op dat we hen kunnen steunen in het veiliger maken van de wereld," sei Feike Spanninga, de tredde-generaasje-direkteur fan Spanninga.

Spanninga hat ek in boek skreaun oer de skiednis fan de famylje en it bedriuw.

Trefwurden: 
fytsen jubileum Spanninga
(advertinsje)