Man út Aldeboarn oanholden foar drugsbesit
De plysje hat woansdeitejûn in 37-jierrige man út Aldeboarn oppakt om't er harddrugs by him hie.
Der wie in melding binnenkaam dat de man op de Bohrlaan op it yndustryterrein Azeven yn Drachten ûnder ynfloed op strjitte omhong. Yn syn auto trof de plysje speed oan. De fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk.