Nynke Heeg oer Moluksk teäterstik: "Noch safolle fragen en net ferwurke emoasjes"

De Fryske aktrise Nynke Heeg spilet de kommende wiken in haadrol yn it teäterstik Aan de Andere Kant. De foarstelling giet oer de Molukske mienskip, dy't yn de jierren fyftich nei Nederlân kaam.
Nynke Heeg yn Moluksk teäterstik
Hoe fielt it om je heitelân te ferlitten en tûzenen kilometers fierderop in nij bestean op te bouwen? Hoe dogge je dat dan? Fêsthâlde oan je eigen taal en kultuer of je oanpasse oan it nije heitelân? Teäterfoarstelling Aan De Andere Kant, dy't woansdeitejûn yn de Molukske tsjerke fan Appingedam yn premjêre gien is, giet oer dy wrakseling. It is it earste diel fan in trijelûk oer de Molukske mienskip. De oare twa dielen wurde yn 2019 opfierd.
Molukske brulloft © Omrop Fryslân
Akteurs Roger Goudsmit en Nynke Heeg spylje it Molukske echtpear Theus en Gabriela Melanesy, dat yn 1951 mei de boat de oertocht makket nei Nederlân. Sa'n 12.500 Molukkers, benammen KNIL-militêren mei harren famylje, makken dy reis ek echt yn dy tiid. Mei it idee om nei seis moannen wer werom te gean nei (it eardere) Nederlânsk-Ynje as it dêr feiliger foar de Molukkers wêze soe. It hjoeddeistige Yndonezië wie tusken 1819 en 1945/1949 ûnderdiel fan it Nederlânsk keninkryk. In soad Molukkers sieten yn it Koninklijk Nederlânds Indisch Leger (KNIL), fochten en wienen loyaal oan de Nederlânske kroan.
De koffer, as symboal foar de reis werom nei Ambon © Omrop Fryslân
Oankaam yn Nederlân bedarje de Molukkers yn barakken yn eardere konsintraasjekampen, dêr't Joaden en - nei de Twadde Wrâldoarloch - NSB'ers sieten. Tsientallen Molukske húshâldens wennen tusken 1951 en 1964 yn barakken yn Nuis of Westerbork. Bern groeiden der op. Dêrnei waarden der spesjale wenwiken foar harren ynrjochte dêr't de Molukkers wenje koene.
Nynke Heeg, dy't sels Yndyske woartels hat, fynt it belangryk dat der mei dit stik omtinken jûn wurdt oan it ferhaal fan de Molukske mienskip. "Us mem is sels mei myn oma ek mei in boat nei Nederlân kaam. Dy skiednis is fansels net hielendal itselde as dy fan de Molukkers, mar ik fiel wol in soad herkenning, dat is ek in stikje dat by my heart. Je drage dy skiednis ek by je, dat sit earne yn je genen."
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma prate mei aktrise Nynke Heeg
De foarstelling, dêr't ek in soad Maleisk yn praat wurdt, lit net allinnich fertriet, ûnwennigens en wrok sjen. Der is ek romte om te laitsjen en it publyk sjongt mei de moaie muzyk mei. De foarstelling rekket. Heeg tinkt dat dat komt om't de Molukske mienskip net in soad oer harren skiednis praat. "Der is safolle net ferteld, der is net oer praat. By ús thús waard der eins ek net oer praat. Dat is mei de Molukske mienskip ek sa. Der waard net praat, mar de tredde generaasje hat wol fragen. En der binne in protte net ferwurke emoasjes."
Rogier Goudsmit en Nynke Heeg spylje in Moluksk echtpear © Omrop Fryslân
It stik wurdt neist Appingedam ek noch ferskate kearen opfierd yn de Molukske tsjerken fan Hoogkerk en Bovensmilde. Fryslân stiet foarearst net op de teäteraginda. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Adak-Theater.
Omrop Fryslân prate ek mei twa Molukske Friezen en gie mei harren nei de foarstelling Aan De Andere Kant. Letter dizze wike ferskynt in reportaazje oer harren ferhaal.