Harns hat soarch foar kwetsbere âlderen goed op oarder

20 sep 2018 - 12:26

De gemeente Harns hat de soarch foar kwetsbere âlderen goed regele. Dat komt nei foaren út ûndersyk fan de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd. Dy hat sjoen nei hoe't de soarch yn de thússituaasje regele is. It giet dêrby ek om frijwilligers en mantelsoargers. Oan it ûndersyk hawwe goed trijehûndert âlderen meidien. Oer it algemien binne sy posityf oer de soarch dy't se krije.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Hast 70 persint fynt dat se gau holpen binne. Foar it ûndersyk is ek praat mei soarchferlieners. Mantelsoargers jouwe oan dat se har somtiden te swier belêst fiele. Neffens de ynspeksje kin hjir noch wol wat yn ferbettere wurde. Noch gjin kwart fan de ûnderfregen seit dat se it ôfrûne jier in keukentafelpetear mei de gemeente hân hat. Dat is minder as yn 2016. De âlderen dy't mei de gemeente om tafel sitten ha, binne oer it algemien posityf oer it petear.

De gemeente Harns jout oan ek de kommende jierren previntyf mei âlderen thús yn petear te gean, om út te finen fan hokker soarch se mooglik ferlet ha. Fierder ûntwikkelet de gemeente in foarsjenning foar deibesteging foar âlderen en demintearjenden. Dat is mei bedoeld om mantelsoargers by te stean.

Trefwurden: 
Harns âlderein soarch
(advertinsje)