Amelanner is nije havenmaster Groningen Seaports

20 sep 2018 - 11:11

De 51-jierrige Pieter van der Wal is de nije havenmaster fan Groningen Seaports. Hy is berne yn Nes op It Amelân. As eilanner keas er foar de seefeart. Hy wurke ûnder oare as masinist en foar ferskate rederijen, lykas Damen Shipyards.

Pieter van der Wal - Foto: Eigen foto

Sûnt 2001 is Van der Wal al yn tsjinst by Groningen Seaports, as lêste yn de funksje fan sjef ferkearstsjinst. No is er dus de nije havenmaster. Hy folget André Bruijn op, dy't mei pensjoen giet. Van der Wal wennet hjoed-de-dei yn Delfzijl.

(advertinsje)