PostNL: "Maatregels binne needsaaklik fanwege krimpende post"

20 sep 2018 - 10:51

Wa't tongersdei útsjocht nei in brief of in moaie kaart kin wolris wat langer wachtsje moatte, want de postboade komt miskien net del. By PostNL wurdt nammentlik staakt. Net allinne troch postboades sels, mar ek troch de sortearders. Se binne it net iens mei de ynfiering fan in saneamde kombybundel. Dit is in maatregel wêrby't postbesoargers sels harren post sortearje moatte.

Post - Foto: Shutterstock.com

De stakers krije stipe fan it fakbûn FNV. As PostNL net lústerje wol, sil it fakbûn neitinke oer ferfolchstappen. Neffens PostNL binne de maatregels lykwols echt nedich. "De post krimpt, dat weten we allemaal", seit Ellen Talsma fan PostNL.

Needsaak

"Als we naar de afgelopen tien jaar kijken, is het aantal poststukken teruggelopen van twintig miljoen naar acht miljoen per dag. We zijn genoodzaakt om maatregelen te nemen, om de service te bieden die klanten van ons gewend zijn. Maar ook om onze collega's zo lang mogelijk aan het werk te houden", sa seit Talsma. "Wij kijken daarbij heel erg naar de werkgelegenheid van de toekomst en minder naar die van vandaag."

Soarchfâldich

Talsma seit dat it bedriuw tige soarchfâldich te wurk giet by oanpassingen. "Net als bij de invoering van de combibundel. Die hebben we anderhalf jaar getest op verschillende locaties in ons land. Daar hebben we grote groepen postbezorgers bij betrokken en FNV is daarbij aangesloten geweest. We hebben hier heel erg goed over nagedacht."

Ellen Talsma fan PostNL oer de lanlike staking

Der wurdt tongersdei yn alle gefallen op trije lokaasjes yn Nederlân staakt: Den Bosch, Amsterdam en Arnhem. Neffens Talsma hat dat noch gjin gefolgen hân foar PostNL en is it dêr ek noch te betiid foar, om't de opkomst net sa heech wêze soe. "Tot nu toe zien wij dat we al onze werkzaamheden hebben kunnen uitvoeren en afronden."

Trefwurden: 
staking FNV PostNL
(advertinsje)
(advertinsje)