Hongerige dief stelt kompleet menu út Ljouwerter supermerk
In 21-jierrige Ljouwerter hie woansdeitejûn dúdlik sin oan iten. Yn in supermerk oan de Emmakade yn de stêd waard er betrape op stellerij fan itensguod.
De man hie ûnder oare drûge woarst, in ovengerjocht en framboazefla meinommen sûnder te beteljen. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo. Dêr wurdt er heard.