Mear WW-útkearingen yn Fryslân yn augustus

20 sep 2018 - 08:46

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is fan 't simmer tanommen. Dat meldt it UWV. Ein augustus telde ús provinsje 10.849 WW-útkearingen, 130 mear as yn july. Benammen minsken út de ûnderwiis- en de útstjoersektor kamen yn de WW telâne, om't se tydlik gjin wurk mear hiene yn de simmerfakânsje. Yn de measte oare sektoaren gie it tal WW-útkearingen nei ûnderen.

Foto: ANP

It tal iepensteande fakatueres is ek tanommen en dat leveret in soad spanning op de arbeidsmerk op. Healweis 2018 stiene der goed 6.000 fakatueres iepen en dat is 27 prosint mear as ferline jier. Wurkjouwers hawwe hieltyd mear te krijen mei personielstekoarten. Yn Fryslân is dat benammen it gefal yn de ICT, technyk, soarch en hoareka.

(Advertinsje)
(Advertinsje)