Kollum: "Leagens"

20 sep 2018 - 07:23

"Op Netflix stiet in net sa hiel nije searje dy't London Spy hjit. Oardel jier lyn wie dy al op de telefyzje, mar dat hie ik mist. It is in thriller en leafdesferhaal. It ferhaal komt der op del dat immen in algoritme betocht hat, sis mar in berekkening, fan leagens. In soarte fan futuristyske leagendetektor, en dat algoritme is sa alderferskriklikst goed dat it troch geheime tsjinsten sjoen wurdt as in bedriging. Dus dêr komme efterfolgingen, sjantaazjes, yntriizjes, mysterieuze pakketsjes en stikeme ynbraken fan.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It plot fan London Spy kloppet neffens my net hielendal, mar op ien punt ha de makkers in nijsgjirrige kwestje te pakken: kin de wrâld bestean sûnder leagentsjes; ha we se nedich?

Ik moast der oan weromtinke doe't ik juster op myn telefoan in update downloade woe. Of moast, eigentlik. En doe frege myn telefoan oft ik de nije Apple Media Voorwaarden lêze woe. It blieken 22 kantsjes mei lytse letterkes, en ik die wat ik altyd doch: se fuortklikke sa gau as ik koe en op 'accepteren' klikke. De telefoan woe witte oft ik it echt lêzen hie, en ik befêstige dat. It wie myn earste leagen fan de dei, en soe wis net de lêste wêze.

Yn London Spy kriget Danny in relaasje mei in oare man, en dat is dejinge dy't dizze superleagendetektor útfynt. Mar dy fertelt dêr neat oer oan syn ferkearing. It nijsgjirrige is dus dat hy in masine oan it útfinen wie yn it geheim, dat fuortendaliks dat geheim hâlde ûnmooglik makket. It punt dat it foar geheime tsjinsten bedriigjend is dat geheimen net mear bestean kinne, snap ik, mar sa't ik sei: it plot wie my net hielendal dúdlik.

Sintraal yn 'e searje stiet ek de relaasje tusken de twa mannen. Op himsels wol ferfrissend, ek omdat dit net problematiseare wurdt: it feit dat se as twa mannen in relaasje ha, is net de kwestje fan de searje, wat meastentiids oars is yn films of searjes dêr't homo's yn spile wurde. Sokke relaasjes bestean dan faak earst yn it geheim, en net selden rekket ien of beiden mei himsels en oaren betize yn in wrâld fan leagens. De relaasje fan Danny en Alex liket suver, op it earste each, romantysk en earlik. Foar my: ideaal, en foar my ek in soarte fan doel. Ik bedoel: sa wol elkenien it dochs, in ferhâlding mei immen ha en tegearre ien wurde, suver en sûnder leagens. Mar ek yn London Spy blykt it oars te wêzen. En ik begjin dus te betwiveljen of soks überhaupt wol bestiet.

We kinne oer it algemien goed libje mei in leagentsje, sa lang as it ús net tefolle yn 'e wei sit. Sa hat de Amerikaanske presidint Trump neffens The Washington Post op 1 augustus al 4.229 leagens ferteld sûnt syn ynstallearring. Dat sit guon al yn 'e wei, en hoelang as dit duorje kin, is in nijsgjirrige fraach.

Yn 'e searje London Spy is it grutte ferhaal: wat fertelle je je partner al of net. Ik tink dat de kwestje oer leagens en leagentsjes yn relaasjes noch it meast oanwêzich is. Sa komme we as minsken oan ús ferhalen, fan Goede Tijden, Slechte Tijden oant Shakespeare, en fan D66-leden dy't al of net affêres ha mei de partijlieder, oant miskien wol by jo thús. Mar lit ik net persoanlik wurde.

Ik tink dat it delkomt op in ynskatting dy't minsken meitsje: as ik no op akkoart klik foar Apple Media, wat soe de kâns op slimme konsekwinsjes dan wêze? It is net foar neat skreaun: ik kin net fierder mei de update útsein as ik op 'ok' klik. Dus myn leagentsje kin wol konsekwinsjes ha, mar ja. Soe Trump ek sa tinke? Wat is de kâns op konsekwinsjes?

Troch London Spy bin ik dus al wer oars neitinken gien oer, ja, de wrâld. De wrâld hinget oaninoar fan lytse en grutte leagentsjes. En ast dat in leagen fynst, is it dus automatysk wier."

(advertinsje)