Frysk slavernijferline wurdt yn kaart brocht

It Fryske slavernijferline wurdt de kommende tiid yn kaart brocht. Undersikers wolle sjen hokker spoaren oft der te finen binne yn stêden of doarpen. It kin dan gean om bygelyks in strjitnamme of in stânbyld. Ek wurdt sjoen nei de rol fan skûtsjes en Fryske amtners dy't slaven in achternamme fan in doarp yn Fryslân joegen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Harkje nei in bydrage fan ferslachjouwer Hayo Bootsma
It ûndersyk is net bedoeld om nammen fuort te heljen. It doel is om sjen te litten dat ek Friezen in rol spilen yn de tiid fan de slavernij. Sa wie der de Harnzer Groenewold dy't in plantaazje hie yn Suriname. Hy krige dêr in soan by in slavin en naam dy mei werom nei Harns. Doe't Groenewold thúskaam, ferstoar er al reedlik gau dêrnei. Syn soan groeide op yn Fryslân en gie letter werom om de plantaazje draaiende te hâlden. Sokke dingen wolle histoarisy graach dokumintearje, seit ûndersiker Barbara Henkes: "Dit is een mooi voorbeeld. Maar kijk ook naar de schilderijen. Zo hangt er in het Stadhouderlijk Hof in Leeuwarden een groot schilderij met daarop twee donkere knechten. Ook in Dokkum hangt een soortgelijk schilderij. Dat past bij die tijd van de slavernij."

Plaknammen

Ien fan de ûndersiken rjochtet him op Fryske plaknammen. Dat wurdt dien troch Abel Kooistra. Hy rint staazje by Tresoar: "Ik kaam op it idee troch de fuotballer Georginio Wijnaldum. En dan sjogge jo fierder en ûntdekke jo dat bêst in soad minsken in Fryske plaknamme as achternamme krigen hawwe." Opfallend is dat it benammen om lytse doarpen giet, fertelt Kooistra: "Ja, benammen yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Tink oan Piaam, Gaast, Surch en Wûns. Dat is wol nuver, want jo soene earder de stêden ferwachtsje, mar dy komme der net yn foar."

Skûtsjes

Abel Kooistra docht ek ûndersyk nei de rol fan skûtsjes yn it slavernijferline. "It giet dan om wat se ferfierden. Bygelyks tabak fan de plantaazjes dy't yn Harns en Starum oan wâl kamen en op skûtsjes fierder ferfierd waard binnen Fryslân." Kooistra tinkt net dat de skûtsjes dy't no meifarre yn de SKS in rol spile hawwe: "Dy binne net sa âld."

Doel

Fan alle resultaten wurdt in gids makke. Dy moat yn 2020 klear wêze. "It is wol moai om dan in doarp lykas Gaast te keppeljen oan it slavernijferline. Dêr sit in ferhaal achter," seit Koostra. De gids moat Friezen bewust meitsje dat minsken harren ek hjir dwaande hâlden mei slavernij.