Winnende tiid Hinke Schokker yn Winschoten dochs noch erkend troch Atletiekunie
De winnende tiid fan Hinke Schokker yn Winschoten wurdt dochs noch offisjeel erkend troch de Atletiekunie. Dat meldt RTV Noord. De 34-jierrige Friezinne wûn de 100 km-rin yn in tiid fan 8 oeren en 34 sekonden. Mar, omdat se gjin wedstriidlisinsje hie, krige se de Nederlânske titel net. De tiid waard net offisjeel erkend troch de Atletiekunie. Dat is no wol bard.
Schokker seit dat se net sa goed wit wat dizze offisjele tiiderkenning no krekt foar har betsjut. Se hat noch wol in berjocht krige fan Sameena van der Mijden, dy't as twadde binnenkaam en dy't wol in wedstriidlisinje hat, dat se de medalje wol fan har krije koe. Mar dat wol Schokker net. Van der Mijden bliuwt yn boeken stean as nasjonaal kampioen op de 100 kilometer.