Brouwer Hertog Jan warskôget pleatslike brouwers: "Merk foar spesjaalbieren is fol"

19 sep 2018 - 21:52

Fryske amateurbierbrouwers dy't no noch dreame fan in profesjonele brouwerij hoege dêr net mear oan te begjinnen. Neffens broumaster Gerard van den Broek fan Hertog Jan is op de regionale merk gjin romte mear foar nije biermerken. Van den Broek sei dat yn de wyklikse talkshow IepenUP live. Dizze kear gie it oer spesjaalbieren.

Foto: Omrop Fryslân

"Oer twa jier minder Fryske brouwers"

Michelle Beerstra fan it Ljouwerter bierkafee De Markies ferwachtet sels dat oer twa jier it tal Fryske brouwers wer behoarlik ôfnommen wêze sil. Nettsjinsteande dat komme der ek Fryslân noch hieltyd pleatslike bieren by, lykas bygelyks Grutte Pier en Brouwdok. Inisjatyfnimmers Frans Filius en Gerard Ypenga litte harren net troch de warskôging fan de Brabânske broumaster tsjinhâlde. Sy kinne beiden yntusken fan harren bierferkeap bestean.

It bêste bier fan Brazilië

De Hertog Jan-broumaster fertelde op in fraach út it publyk wêrom't Hertog Jan net yn it bûtenlân trochbrutsen is. "We hebben een keer bier naar Brazilië gezonden. De hele loods was binnen één week uitverkocht en we werden tot het beste bier van Brazilië uitgeroepen." De fraach nei Hertog Jan wie dêrnei sa grut dat de brouwerij dêroan net foldwaan koe en doe binne se mei it eksporttrajekt ophâlden, fertelt Van den Broek.

Trefwurden: 
IepenUP bier
(advertinsje)