Primeur: iten út de printer yn Wolvegeaster restaurant

19 sep 2018 - 20:35

It liket in gewoane 3D-printer. In apparaat mei in cartridge deryn. Mar om dy cartridge draait it no krekt, want dêr sit iten yn. Mei help fan de printer kin in grutte fariaasje oan foarmen makke wurde dy't optsjinne wurde by in gerjocht. It op dizze wize brûken fan in saneamde foodprinter is in wrâldprimeur. It bart yn de keuken fan it nije restaurant Smink fan topkok Jan Smink yn Wolvegea.

Eigen restaurant

Smink wol al jierren in eigen restaurant iepenje. De ôfrûne jierren hat er oan de dyk timmere troch twa kear mei te dwaan oan de Bocuse d'Or, sis mar de Champions League fan it iten sieden. Ek wurket er foar it 3-stjerre-restaurant De Librije yn Zwolle. No kriget er de kâns syn eigen saak te begjinnen en te besykjen dêr wat bysûnders del te setten. Dat wol Smink berikke mei it printsjen fan iten.

Itensprinter restaurant Smink - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foodprinten

Smink kaam in tal jierren ferlyn yn de kunde mei de minsken dy't efter de ûntwikkeling fan de printer sitte, it bedriuw byFlow út Eindhoven. Se fregen him mei te tinken yn de ûntwikkeling. Benammen om út te finen hoe't je sa'n apparaat goed brûke kinne en hokker produkten goed printber binne:

"Niet alles is te printen. Wat we nu vooral doen zijn groenten. Je maakt daar een soort moesjes van. Het is ook verfijnd werken, want er mag bijvoorbeeld geen lucht in zitten of klonten. Dan werkt de printer niet goed." Smink hat no in pear printers te stean. Dy printsje yn sawat 9 minuten in foarm. Dat wurdt dien op in silikoanematsje: "Dat doen we dan in de vriezer, heel erg koud, zodat we het later makkelijk op het bord kunnen schuiven. Dat gerecht warmen we via dat bord en de lamp dan weer op."

Jan Smink - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Er mag geen lucht in zitten of klonten, dan lukt het printen niet.

Jan Smink

Belangstelling

In foodprinter yn in restaurant is op him sels gjin unikum. Wol de wize hoe't Smink him brûkt: "Ja, we zijn eigenlijk het enige restaurant ter wereld dat zo gerechten klaar gaat maken. Je merkt wel dat er veel interesse is." Sa stie Smink dizze simmer yn Dubai mei syn printer iten te meitsjen foar sjeiks. Ek hat er alris de holle fan kening Willem-Alexander printe foar in tillefyzjeprogramma. No't syn restaurant Smink hast iepen is, komt ek út de rest fan de wrâld ynteresse: "We hadden een cameraploeg van het Amerikaanse tv-station CBS over de vloer. Ze draaien een item voor hun ochtendshow. Ook in de reserveringen kan ik zien dat er veel interesse is, want er komen al mensen uit de Verenigde Staten en Azië."

It restaurant Smink wurdt tongersdei iepene troch Jonnie en Therése Boer, de eigeners fan toprestaurant De Librije út Zwolle. Freed giet de keuken foar it earst iepen.

Restaurante Smink giet freed iepen - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Jan Smink

(advertinsje)