Twa nije huzen mar leafst: Ljussens is der tige bliid mei

De nijbou fan twa huzen is gewoanlik gjin grut nijs, mar as dy twa huzen yn in lyts doarpke lykas Ljussens komme, wol. Dêr is woansdeitemiddei de starthanneling dien troch wethâlder Albert van der Ploeg foar de bou fan twa 'libbensrinbestindige' wenten.
© Google Streetview
De plannen foar de huzen binne betocht yn oerlis mei it doarp. De wurkgroep It Nije Doarp Moarre-Ljussens frege mei klam om wenten dy't geskikt wêze soene foar âlderen. De twa nije huzen binne ek noch op in oar punt bysûnder: it wurde de earste wenten sûnder gasoansluting fan wenningstifting Thús Wonen yn Dongeradiel.
Minsken dy't no al yn Moarre of Ljussens wenje, krije foarrang by de tawizing. Oan de ein fan it jier moatte de nije huzen klear wêze.