It grutte IepenUp Bierfeest

19 sep 2018 - 19:44

IepenUP yn it kafee Backstage yn Neushoorn giet woansdei oer bier. Yn in spesjale ôflevering wurdt praat mei brouwers, bierleafhawwers en wurdt der fansels ek bier preaun.

Tsjintwurdich is der hast gjin doarp of gebiet mear dêr't gjin eigen spesjaalbier makke wurdt. Jierrenlyn stie de animo foar spesjaalbier op in leech pitsje, mar tsjintwurdich binne de pleatslike bieren net mear wei te tinken yn kafees en supermerken.

De gasten fan woansdeitejûn

Michelle Beerstra fan spesjaalbierkafee De Markies. Fierders binne der trije brouwers te gast: Frans Filius fan Grutte Pier, Gerard Ypenga fan it Brouwdok en Gerard van den Broek, de broumaster fan Hertog Jan. Sy nimme ek wat mei om te priuwen. Blogger Raymond van der Laan fan de website Bierficionando komt ek del om te praten oer de skiednis fan spesjaalbier.

Kim Lentjes, biersommelier, jout in powerkolleezje oer de lêste trends yn de wrâld fan it giele goud. Bert Looper fan Tresoar fertelt oer de Ljouwerter 'Bieroproer'.

Njonken dat is der ek live muzyk fan The Tambles.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP bier
(advertinsje)