Weromsjen op de earste wiken fan de 'Tienerschool' Snits

19 sep 2018 - 19:34

Pine yn it liif, prakkesearje en min sliepe. Nei de brêgeklasse gean is foar elk bern in spannende tiid. Mar foar guon bern is dy stap, fan de basisskoalle nei it fuortset ûnderwiis, te grut. De 'Tienerschool' biedt in alternatyf op it reguliere ûnderwiis en dat wurdt hieltyd populêrder. Dit seizoen is it tal sokke skoallen yn Nederlân ferdûbele fan seis nei tolve. De earste Fryske Tienerschool stiet yn Snits en is begjin dizze moanne úteinset.

'Tienerschool'

De 'Tienerschool' is bedoeld foar bern fan 10 oant 14 jier. De lêste twa jier fan de basisskoalle en de earste twa jier fan it middelber ûnderwiis foarmje op dy skoalle in nije learrûte. Sa krije de bern bygelyks net les fan ferskillende leararen, mar fan in coach dy't harren yn alle ûntwikkelingen folget. Bern fan ferskate âldens en nivo's sitte byinoar. Der binne gjin nivo's lykas vmbo en havo. De bern ûntwikkelje harren op harren eigen nivo en dat kin ferskillend wêze. Dat hinget fan it fakgebiet ôf.,

Fiif wrâlden

It RSG Magister Alvinus, Stichting Odyssee en de Stichting Nieuw Onderwijs binne oan de dream begûn om in 'Tienerschool' yn Snits op te rjochtsjen. De skoalle wurket neffens in ûntwikkelingssirkel wêrby't fiif wrâlden sintraal stean: de kreative, de wittenskiplike, de kommunikative, de persoanlike en de maatskiplike wrâld. It útgongspunt is dat de bern wêze meie wa't se binne. Yn de libbensfaze dêr't se yn sitte, bart in soad en de 'Tienerschool' past him oan dizze faze oan. De learlingen meie op skoalle eksperimintearje. Dêrby wurde se aktyf begelaat by it nimmen fan besluten.

Nei it twadde jier moatte de learlingen nei it reguliere fuortset ûnderwiis. De 'Tienerschool' yn Snits hat no noch gjin mooglikheden om se oant in diploma te helpen. De fraach is oft de bern nei de twadde klasse goed taret binne op de middelbere skoalle. Direkteur Tinie Sterenborg sjocht it ek as in grutte stap, mar it is allegearre yn ûntwikkeling. Mei it RSG Magister Alvinus wurdt wurke oan dy oergong. Mar ek de learlingen sels wurdt frege wat se nei it twadde jier dwaan wolle, sadat doelen opsteld wurde kinne om dat te berikken.

Johanna Brinkman - Foto: Omrop Fryslân

In wei fine

De 'Tienerskoalle' Snits is noch mar krekt úteinset, dus it is foar de bern likegoed as foar it team útsykjen en in wei finen, seit direkteur Tinie Sterenborg. Se wolle as skoalle goed kontakt hawwe en hâlde mei de bern en de âlden. Yn oktober stean de earste âlderpetearen op it program om te sjen hoe't it oant no ta rint en hoe't de bern reagearje op de lessen.

De 12-jierrige Rixt Loopstra is yn alle gefallen entûsjast. Har mem kaam mei it idee, om't Rixt wol wat senuwachtich wurde kin fan húswurk. It jout in soad druk. Troch nei de 'Tienerschool' te gean en dêr gjin húswurk te hawwen, kinne bern lykas Rixt harren mear rjochtsje op de eigen ûntwikkeling en op it persoanlik leartrajekt.

Als ik veel huiswerk krijg, word ik daar verdrietig van. En hier krijg je dat niet.

Rixt Loopstra

Regulier ûnderwiis

Yn it reguliere ûnderwiis is bekend dat de oergong nei it fuortset ûnderwiis te grut wêze kin. Sa'n twa jier ferlyn is de projektgroep Over de Brug oprjochte troch ferskillende skoallen fan sawol it basis- as it middelber ûnderwiis yn Ljouwert. Mei syn allen is sjoen hoe't de oergong oanpakt wurde kin. Dit hat resultearre yn in wurkboekje. Yn de lêste twa moannen fan de basisskoalle wurkje bern dy't nei it CSG Comenius gean út dit boekje om te learjen hoe't se mei in aginda omgean moatte en húswurk planne moatte.

Fan dit skoallejier ôf wurkje bern op de middelbere skoalle ek mei in wurkboek. Njonken útstream nei it Comenius, gean oare bern fan de 'Tienerschool' nei it Piter Jelles. CSG Comenius, mar ek de CVO Noord-Nederlân (de oerkoepeljende organisaasje foar kristlik ûnderwiis), binne benijd nei hoe't de 'Tienerschool' him ûntwikkelje sil. Se fine it in goed inisjatyf foar bern dy't der ferlet fan hawwe, mar hawwe foarearst gjin plannen foar in eigen 'tienerschool'.

Op de link is mear ynfo oer de tienerskoalle yn Snits te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)